Dorpsarchief van

Archief

Efterside Braksdyk, rjochting Aldeboarn

De Boarn efter de Braksdyk. Fotograaf stie by de taanpôle.

De Boarn efter de Braksdyk. Fotograaf stie by de taanpôle.

lees meer

Oerstroming yn sintrum Aldeboarn

Dit is de skuorre, der JO en Rinse Rinsma wenne hawwe. Doe de foto makke is stie der noch gjin wenni

Dit is de skuorre, der JO en Rinse Rinsma wenne hawwe. Doe de foto makke is stie der noch gjin wenning foar. De foto is nei it westen ta makke. rjochtut leit dus no de Broekhusterwei en rjochts de Jancko Douwamastrjitte. It wie noch foardat de trochbraak yn de wenningen oan de Weaze makke wie, op it plak der no it kafetaria stiet. De wenning foar dizze skuorre is boud mei de foarein nei it paad dat tusken Gerrit van der Meulen en it kafetaria l

lees meer

Buorkerij

De tekst op de CD jout oan, dat dit hjir de pleats fan famielje Dykstra oan de Beetsterdyk weze soe.

De tekst op de CD jout oan, dat dit hjir de pleats fan famielje Dykstra oan de Beetsterdyk weze soe. Mar my liket it mear op de pleats fan Kees van der Velde. Wa wit it seker?

lees meer

Nuts beukerskoalle

Fan dyjinge dy op dizze foto steane binne de nammen net bekend.
Wa soe ús helpe kinne om se boppe w

Fan dyjinge dy op dizze foto steane binne de nammen net bekend. Wa soe ús helpe kinne om se boppe wetter te krijen?

lees meer

Krusing Tsjerkebuorren mei Súdkant

Krusing fan de Braksdyk en Tsjerkebuorren mei de Súdkant. Lâns de Súdkant steane noch in moaie rigel

Krusing fan de Braksdyk en Tsjerkebuorren mei de Súdkant. Lâns de Súdkant steane noch in moaie rigele beamen ek ta ôfsluting fan it fytspaad en de ferkearsbuorden steane noch op de hoeken fan de wegen.

lees meer

De Taanpôle

De taanpôle is it lytse trijehoekige stikje greide njonken de wenning fan Jisse Scheper.
Rjochts is

De taanpôle is it lytse trijehoekige stikje greide njonken de wenning fan Jisse Scheper. Rjochts is in stikje no yn beslach nommen troch it fytspaad lâns de Beetsterdyk. Eartiids soene de Boarnster skippers hjir harren zeilen tane hawwe.

lees meer

Skoallen

Rjochtut stiet de eardere Nuts beukerskoalle, no Medium. De christlike skoalle (lofts) stiet hjir no

Rjochtut stiet de eardere Nuts beukerskoalle, no Medium. De christlike skoalle (lofts) stiet hjir noch oan de Tsjerkebuorren. Yn begjin fyftiger jieren wurdt in nije boud oan it ein fan de Skoallereed, is no de Jister.

lees meer

« | | 1 2 3 4 5 | | »